dinsdag 4 januari 2011
chatte
It is safier, fia de gmail.com bin ik it chatten west. twa griene knoppen en binne beide of sels trijerisom on line, sitte op deselde line om samar te sizzen. Dan in koart stikje tekst en enter jaan en fuort is it wer. ekfes tiid dwwaan en de tsjin partij hat antwurd jûn. Apart mar wol moai. Ek haw ik in chat yn set by twa minsken dy't net op'e line sieten. Ik bin benijd oft sy yn de kommende dagen ek noch reagearje. Chat wat in wurd, Chad as namme koe ik wol. Dy kenne jimme fansels ek wol. Us rider út Amearika docht fansels net mear mei yn syn briljante styl. Mar hawar kom mar op jimme 'chats' en dan doch ik wer mei fansels.
flash mop op You Tube (ding 15!)
You Tube stiet fol mei prachtige filmkes. Ik haw in stikmannich fan dy filmkes besjoen. Jo kinne fan de gekste dingen wat foarby komme. It is krekt of stiet de hiele wrâld der tusken. Elk makket in filmke en skoot it op de side. Ik seach by de freulle fan Mantgum ek in link dy't ik mar even oanklikt haw. Wat in kostlik filmke. Mar in echte flashmop, no nee, it is hiel trochtocht filme. Dizze halleluja jout in prachtich byld hoe't soks wurkje kin. Wa wit kin it Tusken de middei koar yn Ljouwert hjir ek ris wat mei dwaan! Wy hawwe der hiele geskikte lietsjes foar. Kom mar op soe ik sizze
Abonneren op:
Posts (Atom)