Ik haw it 'ding' trochlêzen en besocht wat te besjen, mar dat falt net ta.
Jo moatte jo earst oanmelde en kinne dan pas fierder. Dêrom bin ik op it oanbod fan myn buorfrou yngien om har facebook te besjen. Alderearst allegearre foto's besjoen. doe alle konneksjes nei oare freonen of oare sosjale media. In tal fan dy agindatips of musea fyn ik ek yn uit aginda's of op harren side. It wurdt op dizze wize allegearre 'foar skotele' ik kin it mar wer besjen en lêze. En ik haw der gjin ferlet fan om mei de hiele wrâld ferbûn te wêzen en alles mei elk te dielen...!
Jûns nim ik der gjin tiid foar, ik doch oare dingen, eins bin ik sels in 'social medium'.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten