dinsdag 22 maart 2011

evaluaasje ding 23

de start fan de kursus stiet my noch foar de geast: Rob hâldt syn ferhaal dat foar in part fan de minsken goed oerkomt, foar in oar part is it al te bot. Foar my ek dus, de begjin situaasje is foar elk oars. Yn diele yn minimaal twa groepen hie better west. 'Zelfwerkzaamheid' in moai wurd, ik hie leaver wat mear begelieding hân de hie it proses ek stimulearje kinnen. Wy hawwe ien kear byelkoar sitten en dêr koe ik wol wat mei. Fansels binne der dan fragen en hawwe jo ek noch net alles lêzen. Dwaan is it bêste. Ien kear yn de moanne byskave hie mooglik mear opsmiten. Yn it lêstoan moast ik noch in tal dingen ynhelje. Tiid is in punt dat meispile hat. Dat iene oere yn de wike is ek net genôch. Allinne al lêze en besjen kostet mear tiid en dan sels noch yn aksje...! Ik bin betiden ek grif te foarsichtich west, mar goed dat is no ien kear sa. Favorite ûnderwerpen kin ik net echt beneame. Wol haw ik in twitter account oanmakke en sil besykje om sa no en dan tweets oangeande it wurk de wrâld yn te stjoeren. Fierder soe it in groeiproses wurde moatte om inkele dingen better te behearskjen en dan mooglik te brûken.
Wat hat it programma mei my en de organisaasje dien.It wie in kursus dy't ferplicht wie, dat betsjut meidwaan. Soks hoecht fansels net ferkeard te wêzen. Fan in grut tal dingen hie ik noch net earder wat sjoen, wol ris fan heard, mar it stiet net ticht by my. Oefenje allinne is net genôch, faker dwaan oars jout it neat. elk hat oer dizze dingen wat te melden, der waard oer praat, oer eamele en op switten. Hoe dan ek elk hat der oanwurke.In oantaL In oantal giet der hielendal yn op en is der 'sljocht' op.
De resultaten. Ik kin dizze ûntwikkeling net byhâlde en huverje sa út en troch om der mei oan de slach te gean. Myn twitterjen wol ik fuortsette en sjen: wat kin ik dêr mei dwaan rjochting ûnderwiis. Alle ûnbenullichheden om it te brûken fyn ik mar neat. Boartsjen dêr't nimmen wat oan hat. Bliid dat der 'kippesoepmomint' is, efkes sosjaal op de keamer, hoopje dat dat sa bliuwt!!
ferbetterpunten:
1. Goeie útlis foar elkenien
2. Goede begelieding - koachje
3. Net te folle lêsfoer
4. Op 'e tiid de saken werhelje
5. Mear tiid nedich as in oere yn de wike
6. Kursus yn twa helten dus 2 jier
7. Te lange filmkes, leafst 'kort en bondig' '
8. Mooglik wat mear dochopdrachten
9. Sa no en dan as groep om de tafel of om de 'kompjûter'
10. Minder wachtwurden en dúdlik meitsje hokker wol of net kinne mei ynstruksje

23 dingen is in yn de kunde komme mei; even aksje dy't no eins fuortset wurde moatte soe; in wurd fan oan de kundige 'keamerkoachjes'

feestneus

22

Bibleteken en argiven sille grif feroarje. Mar it papier binne wy samar net kwyt. Feroaringen binne fan alle tiden, mar hawwe it tempo der anno 2011 goed yn. Fansels moatte wy ek mei al giet dat lang net altiten yn it selde tempo. Komt tijd komt raad. Wy kinne net ynienen fan de twa baansdyk yn 3e fersnelling oerskeakelje nei de achtbaansdyk mei de turbo derop. Oer nije diken wurdt praat en praat en binne jo 10 jier fierder ear't de prosessen foarderje.

sosjale media

Ik haw it 'ding' trochlêzen en besocht wat te besjen, mar dat falt net ta.
Jo moatte jo earst oanmelde en kinne dan pas fierder. Dêrom bin ik op it oanbod fan myn buorfrou yngien om har facebook te besjen. Alderearst allegearre foto's besjoen. doe alle konneksjes nei oare freonen of oare sosjale media. In tal fan dy agindatips of musea fyn ik ek yn uit aginda's of op harren side. It wurdt op dizze wize allegearre 'foar skotele' ik kin it mar wer besjen en lêze.  En ik haw der gjin ferlet fan om mei de hiele wrâld ferbûn te wêzen en alles mei elk te dielen...!
Jûns nim ik der gjin tiid foar, ik doch oare dingen, eins bin ik sels in 'social medium'.

vrijdag 18 maart 2011

Muzyk online

Dat is in ding dêr't ik net safolle mei ha. Ik lústerje net faak 'spesjaal' nei muzyk. Meastentiids de radio oan, mar net platen, cd's of oare saken ofdraaie, nee net myn ding.

Genealogie

Genealogy siden fan Tresoar en Genlias meitsje ik geregeld wei gebrûk fan. Dan komt troch de lessen dy't mei stambeammen gear hingje. Yn de Pake- en Beppe wike hjir wer gebrûke fan makke. Op dit stuit sykje ik in tal akten byelkoar foar in les op skoalle. Nijgjirrich!

Aquabrowser

Leafst sykje ik 'streekrjocht. dat wol sizze fuort by dat ûnderdiel dêr't ik fan tink dat it te finen is. By in faach ûnderwerp wol ik noch wolris gebrûk meitsje fan de aquabrowser. Meastentiids sjogge dan safolle mooglikheden, de helderheid ûntbrekt dan.

Zoekt en gij zult vinden!

Library Thing

In katalogus fan boeken is prachtich mar oft ik wat witte sykje ik dat wol op. Myn boeken haw ik al op in list set, dy't ek byhâlden wurdt. Dat is foar my mear as genôch. Fan de measte boeken haw ik gjin ferlet fan eftergrûn ynformaasje. In miening diele mei oaren, dan hifkje ik wol wa't it lêzen hat. Under it genot fan in bakje kofje prate wy der dan oer.

google maps

Dat brûkte ik al earder. Foar my is handich by it finen fan de Ljouwerter skoallen. As jo de 'map' goed bestudearje dan ride jo der samar hinne. Mei streetvieu kinne jo ek it gebou besjen, ride jo dan de strjitte yn dan is it 'o, ja dat kloppet' en  jo werkenne it pand. It is fansels ek aardich om te sjen oft jo eigen hûs derop stiet. Spitigernôch is dat net hiel dúdlik, it hûs stiet oan in dearinnend eintsje, sy binne fansels trochriden.
Hoe gau soenen feroarings yn in doarp of stêd oanpast wurde op dizze sykplakken?

donderdag 17 maart 2011

mobyl

De smartphone, wat in mooglikheden. Ik bin noch mar krekt 'mobyl', dat wol sizze ik haw in mobyltsje. Dy brûk ik om te beljen en by need in berjocht te ferstjoeren. Ik wit dat jo dan net mei dogge yn dizze wrâld alteast net op it 'smart' nivo. Sil fêst noch wol komme, hooplik as it sa fier is mei wat begelieding.

samen werken

Tegearre wurkje oan in selde dokumint. Wy hawwe dat op 'e keamer útprobearre. Op dizze wize net echt nedich, mooglik wol oft jo elk oan in kant fan de brêge sitte en wurkje oan itselde dokumint of projekt.

Twitterje

Ik haw myn earste tweets makke. It dreechste punt is de 140 tekens. Jo sette der gau tefolle yn. De saken dy't ik behannelje moatte oer it wurk gean. De earste tweets útbrocht yn de pake- en beppe wike oer it skriuwen mei de guozzefear en it famylje ûndersyk.
Ynkoarten is der grif wer in ûnderwerp dat mooglikheden jout op dit medium.

de wiki's

De wiki oer it kampearen is tige nijsgjirrich en grif handich om te brûken. Foa'r Tresoar soenen jo soks besykje kinne as jo wurkje oan it selde projekt en der moat in tal saken útfierd wurde. Wa docht wat en wannear? Sa gewoanwei soe ik it net fuortdalik brûke.

dinsdag 4 januari 2011

chatte

It is safier, fia de gmail.com bin ik it chatten west. twa griene knoppen en binne beide of sels trijerisom on line, sitte op deselde line om samar te sizzen. Dan in koart stikje tekst en enter jaan en fuort is it wer. ekfes tiid dwwaan en de tsjin partij hat antwurd jûn. Apart mar wol moai. Ek haw ik in chat yn set by twa minsken dy't net op'e line sieten. Ik bin benijd oft sy yn de kommende dagen ek noch reagearje. Chat wat in wurd, Chad as namme koe ik wol. Dy kenne jimme fansels ek wol. Us rider út Amearika docht fansels net mear mei yn syn briljante styl. Mar hawar kom mar op jimme 'chats' en dan doch ik wer mei fansels.

flash mop op You Tube (ding 15!)

You Tube stiet fol mei prachtige filmkes. Ik haw in stikmannich fan dy filmkes besjoen. Jo kinne fan de gekste dingen wat foarby komme. It is krekt of stiet de hiele wrâld der tusken. Elk makket in filmke en skoot it op de side. Ik seach by de freulle fan Mantgum ek in link dy't ik mar even oanklikt haw. Wat in kostlik filmke. Mar in echte flashmop, no nee, it is hiel trochtocht filme. Dizze halleluja jout in prachtich byld hoe't soks wurkje kin. Wa wit kin it Tusken de middei koar yn Ljouwert hjir ek ris wat mei dwaan! Wy hawwe der hiele geskikte lietsjes foar. Kom mar op soe ik sizze

dinsdag 30 november 2010

Delicious

Ding 10 delicious dat is alderferskuorrends dreech. de earste kear koe ik net op dizze side komme. As twadde haw ik net safolle favorite siden, en dan kinne jo kieze foar synbaloo. dat is ek wat makliker te realisearjen. Myn 'super' siden binne op dit stuit Voetbal.nl en fansels boer zoekt vrouw. Ja, it programma set wer útein. It sil my benije oft Annemarie der in geskikte 'boer' út fisket.

ding 9

Web 2.0
Alle kearen oft jo wer úteinsette sille mei de 23 dingen moatte jo earst wer nei http://www.blogger/ .com Dat fyn ik ferfelend. Kin der net in knop komme op it gewoane skerm sadat jo dat fuort oanklikke kinne.  Dan wurdt it klik en jo kinne los. No binne it alle kearen wer ferskate hannelingen foar dat it feest los giet. It is in hiele aardichheid om moaie plaatsjes te sykjen, mar de earste fraach moat dan fansels wêze wat kinne wy der mei. Der binne ferskillende doelgroepen en jo moatte in goeie kar meitsje. Jo moatte bewust kieze en sjen hoe't de doelgroep it brûke kin en der dan mei omgiet. Sels moat ik der dan faker mei wurkje, om goed yn de matearje thús te reitsjen.

donderdag 4 november 2010

foto album

Op de Friese versie van mijn album.nl staat de Friese variant mijn eerste foto. Als je kijkt op mijn album.nl wees voorzichtig want de categorie is 'oar'.

big city

Bijschrift toevoegenKennen jullie deze stad??
Verslag, fotobewerken.

Vandaag de kaart van de stad ... bewerkt. Deze kaart is aangepast via foto aanpassen, de bewerkingen zijn: verkleinen, rode rand, chromoseren en in linnen gezet!

donderdag 28 oktober 2010

Cows on the beach

Na enkele flitsende koeien op het strand, heb ik deze losgelaten op mijn blog.
Ik hoop dat hij zich aan de blog regels en schoon wandelend over het blogstrand zwerft.


bron: http://farm5.static.flickr.com/

dinsdag 26 oktober 2010

RSS feed plaatsen

Na enkele pogingen staan er nu al 2 feeds op mijn blog!! HOERA!