donderdag 17 maart 2011
de wiki's
De wiki oer it kampearen is tige nijsgjirrich en grif handich om te brûken. Foa'r Tresoar soenen jo soks besykje kinne as jo wurkje oan it selde projekt en der moat in tal saken útfierd wurde. Wa docht wat en wannear? Sa gewoanwei soe ik it net fuortdalik brûke.
dinsdag 4 januari 2011
chatte
It is safier, fia de gmail.com bin ik it chatten west. twa griene knoppen en binne beide of sels trijerisom on line, sitte op deselde line om samar te sizzen. Dan in koart stikje tekst en enter jaan en fuort is it wer. ekfes tiid dwwaan en de tsjin partij hat antwurd jûn. Apart mar wol moai. Ek haw ik in chat yn set by twa minsken dy't net op'e line sieten. Ik bin benijd oft sy yn de kommende dagen ek noch reagearje. Chat wat in wurd, Chad as namme koe ik wol. Dy kenne jimme fansels ek wol. Us rider út Amearika docht fansels net mear mei yn syn briljante styl. Mar hawar kom mar op jimme 'chats' en dan doch ik wer mei fansels.
flash mop op You Tube (ding 15!)
You Tube stiet fol mei prachtige filmkes. Ik haw in stikmannich fan dy filmkes besjoen. Jo kinne fan de gekste dingen wat foarby komme. It is krekt of stiet de hiele wrâld der tusken. Elk makket in filmke en skoot it op de side. Ik seach by de freulle fan Mantgum ek in link dy't ik mar even oanklikt haw. Wat in kostlik filmke. Mar in echte flashmop, no nee, it is hiel trochtocht filme. Dizze halleluja jout in prachtich byld hoe't soks wurkje kin. Wa wit kin it Tusken de middei koar yn Ljouwert hjir ek ris wat mei dwaan! Wy hawwe der hiele geskikte lietsjes foar. Kom mar op soe ik sizze
dinsdag 30 november 2010
Delicious
Ding 10 delicious dat is alderferskuorrends dreech. de earste kear koe ik net op dizze side komme. As twadde haw ik net safolle favorite siden, en dan kinne jo kieze foar synbaloo. dat is ek wat makliker te realisearjen. Myn 'super' siden binne op dit stuit Voetbal.nl en fansels boer zoekt vrouw. Ja, it programma set wer útein. It sil my benije oft Annemarie der in geskikte 'boer' út fisket.
ding 9
Web 2.0
Alle kearen oft jo wer úteinsette sille mei de 23 dingen moatte jo earst wer nei http://www.blogger/ .com Dat fyn ik ferfelend. Kin der net in knop komme op it gewoane skerm sadat jo dat fuort oanklikke kinne. Dan wurdt it klik en jo kinne los. No binne it alle kearen wer ferskate hannelingen foar dat it feest los giet. It is in hiele aardichheid om moaie plaatsjes te sykjen, mar de earste fraach moat dan fansels wêze wat kinne wy der mei. Der binne ferskillende doelgroepen en jo moatte in goeie kar meitsje. Jo moatte bewust kieze en sjen hoe't de doelgroep it brûke kin en der dan mei omgiet. Sels moat ik der dan faker mei wurkje, om goed yn de matearje thús te reitsjen.

donderdag 4 november 2010
foto album
Op de Friese versie van mijn album.nl staat de Friese variant mijn eerste foto. Als je kijkt op mijn album.nl wees voorzichtig want de categorie is 'oar'.
big city
Abonneren op:
Posts (Atom)