Dat brûkte ik al earder. Foar my is handich by it finen fan de Ljouwerter skoallen. As jo de 'map' goed bestudearje dan ride jo der samar hinne. Mei streetvieu kinne jo ek it gebou besjen, ride jo dan de strjitte yn dan is it 'o, ja dat kloppet' en jo werkenne it pand. It is fansels ek aardich om te sjen oft jo eigen hûs derop stiet. Spitigernôch is dat net hiel dúdlik, it hûs stiet oan in dearinnend eintsje, sy binne fansels trochriden.
Hoe gau soenen feroarings yn in doarp of stêd oanpast wurde op dizze sykplakken?
vrijdag 18 maart 2011
donderdag 17 maart 2011
mobyl
De smartphone, wat in mooglikheden. Ik bin noch mar krekt 'mobyl', dat wol sizze ik haw in mobyltsje. Dy brûk ik om te beljen en by need in berjocht te ferstjoeren. Ik wit dat jo dan net mei dogge yn dizze wrâld alteast net op it 'smart' nivo. Sil fêst noch wol komme, hooplik as it sa fier is mei wat begelieding.
samen werken
Tegearre wurkje oan in selde dokumint. Wy hawwe dat op 'e keamer útprobearre. Op dizze wize net echt nedich, mooglik wol oft jo elk oan in kant fan de brêge sitte en wurkje oan itselde dokumint of projekt.
Twitterje
Ik haw myn earste tweets makke. It dreechste punt is de 140 tekens. Jo sette der gau tefolle yn. De saken dy't ik behannelje moatte oer it wurk gean. De earste tweets útbrocht yn de pake- en beppe wike oer it skriuwen mei de guozzefear en it famylje ûndersyk.
Ynkoarten is der grif wer in ûnderwerp dat mooglikheden jout op dit medium.
Ynkoarten is der grif wer in ûnderwerp dat mooglikheden jout op dit medium.
de wiki's
De wiki oer it kampearen is tige nijsgjirrich en grif handich om te brûken. Foa'r Tresoar soenen jo soks besykje kinne as jo wurkje oan it selde projekt en der moat in tal saken útfierd wurde. Wa docht wat en wannear? Sa gewoanwei soe ik it net fuortdalik brûke.
dinsdag 4 januari 2011
chatte
It is safier, fia de gmail.com bin ik it chatten west. twa griene knoppen en binne beide of sels trijerisom on line, sitte op deselde line om samar te sizzen. Dan in koart stikje tekst en enter jaan en fuort is it wer. ekfes tiid dwwaan en de tsjin partij hat antwurd jûn. Apart mar wol moai. Ek haw ik in chat yn set by twa minsken dy't net op'e line sieten. Ik bin benijd oft sy yn de kommende dagen ek noch reagearje. Chat wat in wurd, Chad as namme koe ik wol. Dy kenne jimme fansels ek wol. Us rider út Amearika docht fansels net mear mei yn syn briljante styl. Mar hawar kom mar op jimme 'chats' en dan doch ik wer mei fansels.
flash mop op You Tube (ding 15!)
You Tube stiet fol mei prachtige filmkes. Ik haw in stikmannich fan dy filmkes besjoen. Jo kinne fan de gekste dingen wat foarby komme. It is krekt of stiet de hiele wrâld der tusken. Elk makket in filmke en skoot it op de side. Ik seach by de freulle fan Mantgum ek in link dy't ik mar even oanklikt haw. Wat in kostlik filmke. Mar in echte flashmop, no nee, it is hiel trochtocht filme. Dizze halleluja jout in prachtich byld hoe't soks wurkje kin. Wa wit kin it Tusken de middei koar yn Ljouwert hjir ek ris wat mei dwaan! Wy hawwe der hiele geskikte lietsjes foar. Kom mar op soe ik sizze
Abonneren op:
Posts (Atom)