vrijdag 18 maart 2011

Aquabrowser

Leafst sykje ik 'streekrjocht. dat wol sizze fuort by dat ûnderdiel dêr't ik fan tink dat it te finen is. By in faach ûnderwerp wol ik noch wolris gebrûk meitsje fan de aquabrowser. Meastentiids sjogge dan safolle mooglikheden, de helderheid ûntbrekt dan.

Zoekt en gij zult vinden!

Library Thing

In katalogus fan boeken is prachtich mar oft ik wat witte sykje ik dat wol op. Myn boeken haw ik al op in list set, dy't ek byhâlden wurdt. Dat is foar my mear as genôch. Fan de measte boeken haw ik gjin ferlet fan eftergrûn ynformaasje. In miening diele mei oaren, dan hifkje ik wol wa't it lêzen hat. Under it genot fan in bakje kofje prate wy der dan oer.

google maps

Dat brûkte ik al earder. Foar my is handich by it finen fan de Ljouwerter skoallen. As jo de 'map' goed bestudearje dan ride jo der samar hinne. Mei streetvieu kinne jo ek it gebou besjen, ride jo dan de strjitte yn dan is it 'o, ja dat kloppet' en  jo werkenne it pand. It is fansels ek aardich om te sjen oft jo eigen hûs derop stiet. Spitigernôch is dat net hiel dúdlik, it hûs stiet oan in dearinnend eintsje, sy binne fansels trochriden.
Hoe gau soenen feroarings yn in doarp of stêd oanpast wurde op dizze sykplakken?

donderdag 17 maart 2011

mobyl

De smartphone, wat in mooglikheden. Ik bin noch mar krekt 'mobyl', dat wol sizze ik haw in mobyltsje. Dy brûk ik om te beljen en by need in berjocht te ferstjoeren. Ik wit dat jo dan net mei dogge yn dizze wrâld alteast net op it 'smart' nivo. Sil fêst noch wol komme, hooplik as it sa fier is mei wat begelieding.

samen werken

Tegearre wurkje oan in selde dokumint. Wy hawwe dat op 'e keamer útprobearre. Op dizze wize net echt nedich, mooglik wol oft jo elk oan in kant fan de brêge sitte en wurkje oan itselde dokumint of projekt.

Twitterje

Ik haw myn earste tweets makke. It dreechste punt is de 140 tekens. Jo sette der gau tefolle yn. De saken dy't ik behannelje moatte oer it wurk gean. De earste tweets útbrocht yn de pake- en beppe wike oer it skriuwen mei de guozzefear en it famylje ûndersyk.
Ynkoarten is der grif wer in ûnderwerp dat mooglikheden jout op dit medium.

de wiki's

De wiki oer it kampearen is tige nijsgjirrich en grif handich om te brûken. Foa'r Tresoar soenen jo soks besykje kinne as jo wurkje oan it selde projekt en der moat in tal saken útfierd wurde. Wa docht wat en wannear? Sa gewoanwei soe ik it net fuortdalik brûke.