de start fan de kursus stiet my noch foar de geast: Rob hâldt syn ferhaal dat foar in part fan de minsken goed oerkomt, foar in oar part is it al te bot. Foar my ek dus, de begjin situaasje is foar elk oars. Yn diele yn minimaal twa groepen hie better west. 'Zelfwerkzaamheid' in moai wurd, ik hie leaver wat mear begelieding hân de hie it proses ek stimulearje kinnen. Wy hawwe ien kear byelkoar sitten en dêr koe ik wol wat mei. Fansels binne der dan fragen en hawwe jo ek noch net alles lêzen. Dwaan is it bêste. Ien kear yn de moanne byskave hie mooglik mear opsmiten. Yn it lêstoan moast ik noch in tal dingen ynhelje. Tiid is in punt dat meispile hat. Dat iene oere yn de wike is ek net genôch. Allinne al lêze en besjen kostet mear tiid en dan sels noch yn aksje...! Ik bin betiden ek grif te foarsichtich west, mar goed dat is no ien kear sa. Favorite ûnderwerpen kin ik net echt beneame. Wol haw ik in twitter account oanmakke en sil besykje om sa no en dan tweets oangeande it wurk de wrâld yn te stjoeren. Fierder soe it in groeiproses wurde moatte om inkele dingen better te behearskjen en dan mooglik te brûken.
Wat hat it programma mei my en de organisaasje dien.It wie in kursus dy't ferplicht wie, dat betsjut meidwaan. Soks hoecht fansels net ferkeard te wêzen. Fan in grut tal dingen hie ik noch net earder wat sjoen, wol ris fan heard, mar it stiet net ticht by my. Oefenje allinne is net genôch, faker dwaan oars jout it neat. elk hat oer dizze dingen wat te melden, der waard oer praat, oer eamele en op switten. Hoe dan ek elk hat der oanwurke.In oantaL In oantal giet der hielendal yn op en is der 'sljocht' op.
De resultaten. Ik kin dizze ûntwikkeling net byhâlde en huverje sa út en troch om der mei oan de slach te gean. Myn twitterjen wol ik fuortsette en sjen: wat kin ik dêr mei dwaan rjochting ûnderwiis. Alle ûnbenullichheden om it te brûken fyn ik mar neat. Boartsjen dêr't nimmen wat oan hat. Bliid dat der 'kippesoepmomint' is, efkes sosjaal op de keamer, hoopje dat dat sa bliuwt!!
ferbetterpunten:
1. Goeie útlis foar elkenien
2. Goede begelieding - koachje
3. Net te folle lêsfoer
4. Op 'e tiid de saken werhelje
5. Mear tiid nedich as in oere yn de wike
6. Kursus yn twa helten dus 2 jier
7. Te lange filmkes, leafst 'kort en bondig' '
8. Mooglik wat mear dochopdrachten
9. Sa no en dan as groep om de tafel of om de 'kompjûter'
10. Minder wachtwurden en dúdlik meitsje hokker wol of net kinne mei ynstruksje
23 dingen is in yn de kunde komme mei; even aksje dy't no eins fuortset wurde moatte soe; in wurd fan oan de kundige 'keamerkoachjes'
feestneus
2 opmerkingen:
Ja, ik snap it, der sit wol wat yn watst skreaun hast en it is ek goed dyn hert te luchtsjen. In moardkûle ha wy neat oan op't lêst. Mar wa wit kinne wy op 'e keamer nochris oefenje mei guon dingen, dy't foar dy krekt wol praktysk tapasber binne.
En it cup-a-soup momint hâlde wy der fansels yn!!
Gefeliciteerd met deze overwinning!
Leuk dat je aan het twitteren bent:)
Een reactie posten